Bern en âlden komme yn aksje foar skoaldirekteur De Vries

10 des 2014 - 12:49
  • Alden kamen yn aksje foar direkteur Germ de Vries fan de Burgerskoalle
  • De petysje wurdt oanbean oan wethâlder Pytsje de Graaf

Sa'n 220 bern en harren âlden fan de iepenbiere Burgerskoalle yn Dokkum hawwe woansdeitemiddei in petysje oanbean oan wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel. Mei de sammele hantekeningen hoopje se direkteur Germ de Vries werom te krijen.

De Vries moat op 1 jannewaris fuort, mar de âlden en de bern binne just hiel wiis mei de direkteur. Hy soe dien krije om't er in ferskil fan ynsjoch hawwe soe mei de koepelorganisaasje Roobol oer de lessen op de skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)