Bern Dronryp ha eigen skatebaan

26 des 2005 - 14:09

Dronryp hat in skatebaan krigen oan de râne fan it doarp. De baan is dêr oanlein, om safolle mooglik de oerlêst foar omwenners te beheinen.

De baan is in inisjatyf fan de jonge skater Bas Tolsma fan Dronryp. De gemeente en doarpsbelang seagen it wol sitten en ha meiholpen. De baan hat 40.000 euro koste. De bern kinne no har keunsten sjen litte op de funbox, de quarterpipe, op hellingen en buizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)