Bern drage bakstiennen oan by start nijbou MFA De Akkers

17 apr 2016 - 16:34

De nijbou fan de multyfunksjonele akkommodaasje (MFA) De Akkers op It Hearrenfean giet freed los. Yn it nije gebou komme de iepenbiere basisskoalle Commanderije-Letterbeam en de kristlike basisskoalle De Akker te sitten. Fierders wurdt berne-opfang Kinderwoud en in wykplatfoarm yn it gebou ûnderbrocht.

Wethâlder Broekhuizen is freed by de start oanwêzich. Hy sil it boerd op it bouterrein ûntbleatsje. Dêrnei drage bern en wykbewenners boustiennen oan foar de earste muorre. It nije gebou moat yn juny takom jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)