Bern De Jouwer net goed wurden

10 apr 2014 - 12:51
  • Ambulânses en brânwacht kamen yn aksje by it ynsidint

Op it Bornego Kolleezje oan de Pasteurwei op 'e Jouwer binne fjouwer famkes net goed wurden. De famkes wiene mei in oare groep famkes oan it gymmestykjen. De skoalle hat in húsdokter oproppen om de famkes te ûndersykjen. Om't er de saak net fertroude, waarden ambulânses ynskeakele. Dy hawwe de famkes nei de sikehuzen yn Snits en It Hearrenfean brocht foar ûndersyk.

De brânwacht hat yn it gymlokaal mjittings dien, mar dêrby gjin skealike stoffen fûn. Mooglik leit de oarsaak yn in fleske dêr't de famkes wetter út dronken hawwe.

De helptsjinsten dogge noch ûndersyk nei it wetter. De oare famkes dy't oan it gymmestykjen wiene, binne net ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)