Bern blaze kaugombellen as aksje tsjin bernemishannling

16 nov 2015 - 11:01

Alle basisskoallen en it fuortset ûnderwiis yn de gemeente Smellingerlân krije dizze wike stickers mei ynformaasje oer wat se dwaan kinne tsjin bernemishanneling. Wethâlder Marja Krans plakte de earste sticker moandeitemoarn by de yngong fan de katolike basisskoalle St. Lukas yn Drachten. Doel is dat de stickers op sichtbere plakken hingje, om sa it petear oer bernemishanneling op gong te bringen.

It is de lanlike wike tsjin bernemishanneling. Smellingerlân slút ek oan by de lanlike kampanje om 119.000 selfies te meitsjen.

Dy binne te herkennen oan de hastag #laatzenietbarsten. It is de bedoeling dat minsken in kaugombelle blaze en dan in selfie meitsje. De kaugombelle stiet symboal foar ûnbesoarge, fleurige en ûnbefongen bern.

De bern fan de groepen 6/7/8 fan de Drachtster St. Lukasskoalle dienen moandeitemoarn ek mei. Sy sille ek oan de slach mei in lespakket oer bernemishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)