Bern Amelân wurkje oan sûnens

24 feb 2007 - 13:44

Alle skoalbern op It Amelan sille fan septimber ôf 20 wike lang wurkje oan har sûnens. Se dogge dat ûnder lieding fan topsporters as bygelyks Marianne Timmer en de spilers fan FC Grins.

De klinyk wurdt opset troch de stifting Meer dan Voetbal fan de KNVB, de earedivyzje en de earste divyzje. It programma foar de bern makket ûnderdiel út fan de sponsoroerienkomst dy't It Amelân freed sletten hat mei FC Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)