"Bermen ferhurdzje mei gerstegels yn striid tsjin wiet waar"

11 feb 2016 - 11:59

De Fryske bermen moatte yn de takomst ferhurde wurde mei gerstegels. Dat seit de provinsje. De bermen kinne net oer de klimaatferoarings yn ús lân. Op dit stuit binne in soad bermen yn de provinsje gefaarlik om't se hartstikke wiet binne. Ek de diken kinne skea oprinne as auto's en frachtweinen tefolle troch de wiete bermen ride.

De provinsje kin de diken pas wer opknappe as it wer drûch is. By de oanlis fan nije diken soe it goed wêze om de bermen te ferhurdzjen mei gerstegels. Dy kinne folle better oer wiete perioaden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)