Berlynske muorre op weromreis

05 sep 2014 - 12:15
  • Maarten en Sara Plet fan Aldeouwer op wei nei Dútslân

It Jouster skûtsje Deo Volente is mei trije tradysjonele sylskippen fuortsyld út Berlyn. Se ha 20.000 blombollen en 750 kilo dong nei de Dútske stêd brocht. De lading waard troch de Nederlânske ambassadeur oerlange oan it bestjoer fan Berlyn. Dêrnei binne brokstukken fan de âlde Berlynske muorre op de skûtsjes laden. It giet om tsien ton stien.

De skippen binne op 13 augustus begûn oan de reis, om te fieren dat de muorre 25 jier lyn foel. De blombollen wurde plante op it Brandenburger Plein. De brokstikken wurde yn Nederlân tentoansteld.

De skippen komme nije wike oan yn Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)