Berlyn Wall of Sound útfierd

09 nov 2009 - 15:00
  • De dielnimmers oan de Berlin Wall of Sound

Goed 170 gitaristen út Nederlân hawwe moandeitemiddei yn Berlyn begûn in muzikale betinking fan de Berlynske muorre. Dat nei oanlieding fan de fal fan de muorre op 9 novimber 1989. It idee foar The Berlin Wall of Sound komt fan de band Noir dy't bestiet út studinten fan de popakademy yn Ljouwert. Sneintenacht binne de dielnimmende gitaristen nei Berlyn gien. It konsert foar de Wall of Sound rûn parallel mei de offisjele betinking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)