Berltsumer Mitterreither oargel wer klear foar gebrûk

22 jan 2016 - 11:23
  • It Berltsumer oargel is unyk foar Fryslân

In foar Fryslân unyk oargel wurdt freed wer yn gebrûk naam nei in yngreven restauraasje. It giet om it saneamde Mitterreither oargel yn de koepeltsjerke fan Berltsum. It is de iennichste yn Fryslân en der moast hast 100.000 euro foar op it kleed komme. Ferskate fûnsen, de tsjerke sels, mar ek de provinsje ha dêrfoar jild jûn.

It oargel is spesjaal omdat it in heale toan leger stimd is as hjoed-de-dei gebrûklik. Mei in saneamd transposysjeklavier dat je der sa opsette kinne, kinne je dêr no wat oan dwaan.

It oargel is no ek better te brûken foar de begelieding fan solisten of minsken dy't oare ynstruminten bespylje wolle yn tsjerke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)