Berltsum wint yn Sint Anne

23 jun 2013 - 17:15
  • Keatsen telegraaf

De froulju fan Berltsum hawwe snein yn Sint Anne de ôfdielingswedstriid foar froulju wûn. Mei 5-0 en 6-0 wiene Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma yn de finale fierstente sterk foar it partoer fan Sint Anne, dat bestie út Esther Wagenaar, Lisette Wagenaar en Lilijan Kingma.

Der wiene twa tredde prizen. Dy wiene foar de partoeren fan Boazum en Bitgum. Der stiene yn Sint Anne fjirtjin partoeren op de list.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)