Berltsum wint Jeu de Pelote

28 jun 2007 - 23:28
  • De Fryske Kampioen Jeu de Pelote
  • Easterlittens waard twadde

Berltsum hat tongersdeitejûn op 'e nij it Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote wûn. Op it plein fan Easterlittens waard thúsklub Easterlittens mei 10-7 ferslein. Easterlittens helle in 5-1 efterstân op oan 't 6-5, mar moast dêrnei belies jaan op 9-7 en 40-40.

It winnende team bestiet út de keatsers Jacob D. Tuininga, Bauke van der Graaf, Marten Feenstra, Frederik van der Meij en Auke van der Graaf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)