Berltsum nimt ôfskie fan azc

16 jul 2002 - 00:00

Berltsum nimt tiisdei ôfskie fan har asylsikers. 2,5 jier lyn kamen der yn ien kear 125 asylsikers yn it eardere âldereintehûs Berlingahiem te wenjen. Dat joech doe swierrichheden yn it doarp omdat de Berltsumers dêr net fan op de hichte steld wiene.

Yn de tuskentiid binne der dochs in soad kontakten ûntstien. Berlingahiem wurdt no ôfbrutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)