Berltsum de bêste yn Dronryp

29 maaie 2014 - 18:46

lse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma fan Berltsum hawwe tongersdei de ôfdielingspartij haadklasse keatsen yn Dronryp op har namme skreaun. Yn de finale wie it trijetal mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Wommels mei Anna-Brecht Bruinsma, Sjanet Wijnia en Anke Marije Pompstra.

De lytse preemje gong nei Esther Wagenaar, Lilijan Kingma en Lisette Wagenaar fan Sint Anne, dy't yn de heale finale ûnderút gongen tsjin Tuinenga en-dy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)