Berkhof wint koart pleit

20 jun 2007 - 16:50

De rjochtbank hat yn in koart pleit bussebouwer Berkhof op It Hearrenfean yn it gelyk steld. It bedriuw Etrometa op De Gordyk hie in koart pleit tsjin Berkhof oanspand om't dy in bestelling annulearre hie.

Berkhof soe nibbelbefeiligingssystemen ôfnimme om de bussen fan GVB te modernisearjen. It gie om in bestelling fan ûngefear in euroton. Etrometa slagge der lykwols net yn de systemen op 'e tiid te leverjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)