Berkhof bout bêste bus

27 aug 2010 - 18:41
  • De winnende bus

De stedsbus VDL Citea dy't de VDL-groep by busbouwer Berkhof op It Hearrenfean bout, is útroppen ta 'Bus fan it jier'. In sjuery fan 19 faksjoernalisten út Europa fynt de bus 'evenwichtig en harmonieus' foar it stedsferfier. Boppedat is der foar de reizgers in soad komfort.

Mei de priis hopet de direksje fan VDL ek oarders yn Nederlân binnen te heljen. Mei-inoar binne der al wol hûnderten ferkocht oan bedriuwen yn it bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)