Berkepas kening yn Sint Anne

23 maaie 2004 - 00:00

It partoer Klaas Berkepas, Auke van der Graaf en Dirk-Jan van der Woud wûn snein de earste klas keatspartij yn Sint Anne. Yn 'e finale wûnen Berkepas en dy mei oertsjoeging fan Marten Feenstra, Sibbele Lootsma en Tjitte Bonnema. It wie de earste winst foar Berkepas-en-dy fan dit seizoen.

De lytse preemje wie foar Rutmer van der Meer, André Kuipers en Chris Wassenaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)