Berkenplas wurdt himmele

22 okt 2005 - 14:44

De brânwacht op Skiermûntseach hat freed en sneon de Berkenplas leech helle en dêrnei wer folgoaid mei wetter. De Berkenplas is in keunstmjittich wetter dat benammen brûkt wurdt foar de rekreaasje. Benammen by gesinnen en bern is de plas populêr.

Al mei al moast 35.000 kubike meter wetter fuort- en ek werompompt wurde. De aparte put wie bedoeld om de boel wer wat skjin te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)