Berkenpas wint yn Makkum

14 jul 2007 - 17:56

De haadklasse-útnoegingspartij keatsen yn Makkum is sneon wûn troch Klaas Berkepas, Tjitte Bonnema en Pier Piersma.

Yn in de finale waard mei 5-3 en 6-2 wûn fan it trio Dirk Yde Sjaarda, Jan Willem van Beem en Arie den Breejen. Kening waard mei algemiene stimmen: Klaas Berkenpas. Moarn keatse de haadklassers yn Ljouwert de Rengerspartij. Dit is in frije formaasje partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)