Berikberens 112 ûnfoldwaande yn trije Fryske doarpen

30 apr 2015 - 11:32
  • Minne dekking fan 1-1-2

De berikberens fan alarmnûmer 112 mei de mobile tillefoan is op ferskate plakken yn Fryslân net yn oarder. It giet om de dúngebieten op de Waadeilannen, mar ek yn trije doarpen op de fêste wâl is 112 min te berikken. Yn Nij Altena, Mildaam en Elslo giet it yn 1 op de 100 gefallen mis. Dat docht bliken út ûndersyk fan Agentschap Telecom.

De Twadde Keamer praat tongersdei oer it rapport en sil by minister Kamp oantrune op maatregels. Sa soene providers har mear ynspanne moatte foar in bettere dekking fan ûnrendabele gebieten.

Merklieder KPN makke tongersdeitemoarn bekend hjir yn elts gefal wurk fan te meitsjen. Sy ynvestearje de kommende trije jier miljoenen yn de ferbettering fan it netwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)