Berie foar it Frysk moat better

14 sep 2006 - 13:59

Deputearre Steaten moatte mei in nij foarstel komme foar ferbettering fan it Berie foar it Frysk. Dat jout advys oer it Frysk taalbelied. Earst soe deputearre Mulder foarsitter wurde, mar dat wol in mearderheid fan de steatekommisje net. Dan soene de advizen net mear ûnôfhinklik wêze.

As DS fynt dat it berie net goed funksjonearret, moat it hiele orgaan mar ris goed besjoen wurde. Dat fynt frou Ludwig fan de PvdA-fraksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)