Bergum Staalbouw giet troch

16 jul 2003 - 00:00

Bergum Staalbouw makket in trochstart. It bedriuw út Sumar dat brêgen bout gie in wike lyn fallyt. Ald-direkteur Pesie nimt mei in ynvestearder de saak oer. Der is wurk foar tritich minsken. Foar 50 wurknimmers is der gjin plak mear. De fakbûnen binne noch net op de hichte brocht. Der is gjin sosjaal plan foar de wurknimmers dy't dien krije.

De ûnderhannelingen foar in trochstart wienen dreech. De wichtichste kandidaat heakke op it lêst ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)