Bergsma wint de massastart

06 mrt 2011 - 19:00
  • Jorrit Bergsma (foto: awfoto.nl)

Maratonreedrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat de massastart snein op Thialf wûn. Twadde en tredde waarden Rob Hadders en Bob de Jong. De massastart is in eksperimint by de wrâldbekerwedstriden. De reedriders starte lykas by in maraton mei syn allen en ride 25 ronden.

It wie foar Bergsma de lêste wedstriid fan it seizoen. It maratonseizoen is al foarby. Bergsma hat him ek net pleatst foar it WK ôfstannen takom wykein yn Inzell.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)