Bergsma wint 5000 meter by KNSB Cup, foar Kramer en De Vries

30 okt 2015 - 18:01
  • Jorrit Bergsma (argyffoto)

In folslein Frysk poadium op de fiif kilometer by de KNSB Cup yn Enschede. Reedrider Jorrit Bergsma wûn dizze earste ôfstân fan it wykein. De rider út Aldeboarn bleau Sven Kramer krekt foar: 6.18.40 om 6.18.91. Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard tredde yn 6.25.09.

By de KNSB Cup stride de Nederlânske reedriders om tickets foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden fan dit nije reedrydseizoen. De earste fiif pleatse harren. Nûmer fjouwer en fiif Wouter Olde Heuvel en Erik Jan Kooiman hawwe ek in wrâldbekerticket te pakken.

De earste wrâldbekerwedstriden fan dit seizoen binne dy fan Calgary (13-15 novimber), Salt Lake City (20-22 novimber), Inzell (4-6 desimber) en It Hearrenfean (11-13 desimber).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)