Bergsma wint 5 kilometer, Kramer earst yn klassemint

27 des 2014 - 17:50
  • Jorrit Bergsma

Jorrit Bergsma skreau sneon oertsjûgjend de 5 kilometer op syn namme by it NK allround yn Thialf. Bergsma klokte in winnende tiid fan 6.13,53 en wist dêrmei Sven Kramer fan it goud te hâlden. Kramer pakte it sulver mei 6.15,43. It brûns gong nei Wouter olde Heuvel dy't de tiid stil sette op 6.18,50. Douwe de Vries fan It Hearrenfean einige mei 6.20,00 as fjirde.

Kramer giet nei de earste dei oan de lieding yn it tuskenklassemint. Earder op de dei waard hy fjirde op de 500 meter. De Vries stiet op it fjirde plak, Bergsma op it sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)