Bergsma start op NK skeelerjen

14 aug 2014 - 17:20
  • Jorrit Bergsma

Olympysk kampioen reedriden Jorrit Bergsma fan Aldeboarn sil takom wike sneon meidwaan oan it iepen NK skeelerjen yn Hallum. Oan de start ferskine ûnder oare ek de regearjend wrâldkampioen Crispijn Ariëns út Wolvegea en nasjonaal kampioen maratonreedriden Arjan Stroetinga út Waskemar.

De wedstriid giet oer in ôfstân fan hûndert kilometer mei start en finish yn Hallum. Jorrit Bergsma lit witte dat er yn Hallum foar de prizen giet. It NK skeelerjen stiet bekend as de swierste en langste wedstriid fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)