Bergsma klear foar de 5 km

08 nov 2012 - 21:18
  • Jorrit Bergsma

Freed begjint foar de reedriders it NK ôfstannen yn Thialf op It Hearrenfean. De earste belangrike wedstryd fan dit seizoen mei in soad dielnimmers út Fryslân. Der wurdt foaral útsjoen nei de striid om de 5 km freedtemiddei. Under oare Sven Kramer, Bob de Jong en de kampioen fan ferline jier, Jorrit Bergsma, komme yn aksje.

De bêste riders kinne har pleatse foar de wrâldbekerwedstriden. Neffens Bergsma wurdt de striid om de 5 km spannend mei sa'n njoggen riders, dy't goed oan inoar weage binne.

As Jorrit Bergsma goed herstelt fan de 5 km op it NK ôfstannen dan sil hy sneontejûn op It Hearrenfean ek noch meidwaan oan de maraton dy't op it programma stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)