Bergsma hat wrâldbeker 5/10 km

16 mrt 2014 - 15:28
  • Jorrit Bergsma pakt de wrâldbeker op de 5 en 10 km

Jorrit Bergsma hat sneintemiddei yn Thialf foar de twadde kear op rige de wrâldbekertitel op de 5 en 10 km op syn namme skreaun. Bergsma wûn de finalerit yn in tiid fan 6.13.80 en liet de konkurrinsje fier efter him. Jan Blokhuijsen einige as twadde yn 6.19.03. It tredde plak yn de finale wie foar Aleksandr Rumyantsev yn 6.25.06. Douwe de Vries waard fyfde mei 6.26.03.

Yn it einklassemint stuts Bergsma der mei 500 punten fier boppe út. It sulver wie foar de Dútser Patrick Beckert mei 311 punten. Sven Kramer pakte it brûns mei 300 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)