Bergsma goud, Kramer sulver

18 feb 2014 - 16:40
  • Jorrit Bergsma is de nije Olympysk kampioen op de 10.000 meter
  • Bergsma goud, Kramer sulver
  • Bob de Jong passeart de Dútser Baumgärtner

Op 'e nij in folslein Nederlânsk poadium op de Olympyske Spelen yn Sotsji, mar wol oars as ferwachte. It goud wie foar Jorrit Bergsma. Hy wûn yn in yndrukwekkende tiid fan 12.44.45, de alderfluchste tiid op in leechlânbaan oant no ta. Sven Kramer kaam net oan Bergsma syn tiid. Kramer waard twadde yn 12.49.02. Kramer weefde wol ôf mei de Koreaan Seung-Hoon Lee, dy't fjirde waard. Bob de Jong wûn brûns yn 13.07.19.

Bergsma fersloech yn in direkt duel de Belgyske hurdrider Bart Swings, dy't er oan de ein fan syn race op de rêch seach.

De Jong helle mei it brûns syn fjirde Olympyske medalje. It wie al de fjirde kear dizze Spelen dat alle medaljes troch Nederlanners wûn waarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)