Bergsma: 'Fochten en ferlern'

08 feb 2014 - 16:10

Jorrit Bergsma moat nei eigen sizzen 'bliid wêze mei de brûnzen medalje' op de 5 kilometer. De rider fan de BAM-ploech gong sneon foar it goud, mar al rap waard dúdlik dat de tiid fan Sven Kramer lestich te ferbetterjen wie.

Bergsma rekke wat achterop en forsearre syn slach. Dêrtroch gong it allinnich mar de ferkearde kant op en ferspile er njonken goud ek noch it sulver. 'Mar ik ha der yn elk gefal foar striden. Ik ha fochten en ferlern', lit de rider fan Aldeboarn witte. It sulver wie foar Jan Blokhuijsen.

Dy joech nei de race ta dat der simpelwei net mear ynsiet. 'Zilver was het maximale. Tegen Sven Kramer kon niemand op. Daar moet ik me bij neerleggen.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)