Bergsma bliuwt Kramer foar op 10 kilometer yn KNSB Cup

01 nov 2015 - 15:49
  • Jorrit Bergsma (argyffoto)
  • Sven Kramer

Jorrit Bergsma hat Sven Kramer ferslein yn in streekrjocht duel op de 10 kilometer by de KNSB Cup. De man út Aldeboarn finishte as twadde yn 13.07.41. Kramer hie 13.16.08 nedich en waard dêrmei tredde. De winst gong yn Enschede nei Erik Jan Kooiman yn 13.05.96. Dizze trije manlju pleatsten harren dêrmei ek foar de kommende wrâldbekerwedstriden, lykas Bob de Vries fan De Haule en Arjan Stroetinga út Waskemar. Sy waarden fjirde en fyfde.

Douwe de Vries mist de wrâldbekers. Hy waard tsiende yn 13.40.71.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)