Bergjen konteners útsteld

31 des 2003 - 00:00

It bergjen fan de trije gifkonteners wurdt útsteld oant nei it wykein. Dat hat in wurdfierder fan Rykswettersteat woansdei sein.

De konteners soenen earst dit jier noch út de Noardsee helle wurde. In lytse twa wiken lyn binne de konteners by stoarmich waar yn de see telâne kommen. Se lizze 22 kilometer út de kust tusken Tessel en Flylân. Yn de konteners sitte 630 fetten mei 100 liter giftich arseenpentokside.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)