Bergjen gifkonteners wer begûn

20 jan 2004 - 00:00

Rykswettersteat en it bergingsbedriuw besykje tiisdei op 'e nij de trije gifkontêners út de Noardsee te bergjen. Earder slagge dat net om't de see te rûch wie.

De konteners sitte fol mei fetten arseen-pentokside. Se kamen yn in stoarm heal desimber yn it wetter. As it waar it talit, kin woansdei de earste kontener ophelle wurde. De marine siket sûnt moandei mei trije minejagers nei 63 losse fetten mei gif.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)