Bergingswein oanriden op de Heak om Ljouwert

09 jul 2015 - 11:30

Op de Heak om Ljouwert by Werpsterhoeke is tongersdeitemoarn in berger oanriden. Dy wie dwaande om in auto mei maleur op te heljen. In oare automobilist seach dat net en botste op de bergingswein. Der is nimmen ferwûne rekke.

In oare berger hat no beide auto's ophelle. Troch it ûngelok wie de dyk foar in part ôfsletten yn ferbân mei it plysje-ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)