Berging konteners begjint sneon

02 jan 2004 - 00:00

De trije fergifkonteners op 'e boaiem fan de Noardsee by Flylân wurde sneon berge. De eigner is it mei de fersekerder iens wurden. In spesjaal út it Sieuske Terneuzen sil de put dwaan.

De konteners mei fetten arseenpentokside sloegen ferline wike by stoarmwaar oerboard. Se hawwe net lekt, sa is no bekendmakke. Greenpeace fynt it skandalich dat de berging sa lang op him wachtsje lit. De ferantwurdliken moatte ferfolge wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)