Berging Ingelske bommewerper

08 sep 2000 - 18:33

De Luchtmacht sil in Ingelske bommewerper by Harns bergje. It fleantúch waard yn maaie 1943 troch in Dútse nachtjager delsketten en stoarte súdeastlik fan Harns del. De 7 bemanningsleden kamen dêrby om it libben.

Reden om de Halifax no pas te bergjen is dat Harns op it plak fan delstoarten huzen bouwe wol. Moandei 25 septimber wurdt mei de berging út ein set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)