Berging gifkonteners begûn

03 jan 2004 - 00:00

It bedriuw Multraship út Terneuzen is sneon om seis oere begûn mei de berging fan trije konteners lânbougif. De operaasje duorret trije dagen.

De konteners sloegen twa wike lyn mei in stoarm yn de Noardsee en lizze tweintich mijl út de kust fan Flylân en Texel. Yn de konteners sitte hûnderten fetten mei elk hûndert liter arseen-pentoxide. Yn de Noardsee lizze ek noch fyftich losse fetten mei deselde stof, dy't ek oprêden moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)