Berger helpt skippen yn need

29 feb 2012 - 12:57
  • Rêdingsboat KNRM

In kommersjele berger helpt tenei boaten dy't fêstrinne of pech hawwe op it Waad en Lauwersmar. De rêdingsboat wurdt net mear oproppen. Rêdingsmaatskippij KNRM en Bos Marine Services út Lauwerseach ha dat ôfpraat. It konvenant moat in ein meitsje oan de ûndúdlikheid by problemen op it wetter. Oant no ta kamen de KNRM en de boaten fan Bos wolris tagelyk by in skip mei problemen. By lytse -net akute- problemen wurdt de berger warskôge. Bos siket noch in sterke sleepboat foar de gruttere skippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)