Berenschot praat mei amtners

02 jun 2013 - 11:24
  • Gemeentehûs Smellingerlân

Meiwurkers fan Bureau Berenschot ha de ôfrûne wiken praat mei in tal amtners fan de gemeente Smellingerlân oer de wurksfear op it gemeentehûs. Berenschot fersekeret op de webside fan de gemeente nochris dat de ynformaasje fertroulik behannele wurdt. Guon amtners hiene dêr noed oer.

Yn it rapport dat Berenschot makket, wurdt gjin ynformaasje opnaam dy't werom te fieren is op minsken, dy't dy ynformaasje jûn ha. Dat jildt net foar de liedingjaanden, de gemeentesiktaris of foar boargemaster en wethâlders.

Bureau Berenschot ûndersiket yn opdracht fan boargemaster Van Bekkum fan Smellingerlân oft der sprake is fan in eangstkultuer op it gemeentehûs. It rapport moat oer in moanne klear wêze. Mids april kaam in groep amtners der by Omrop Fryslân mei nei bûten, dat sy har yntimidearre fiele troch har liedingjaanden. Guon âld-amtners sizze dat se fuortnarre binne. Ek sit in groep minsken siik thús fanwege de minne wurksfear op ferskate ôfdielings op it gemeentehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)