Berekkenjen SKS-seilen iepener

02 mrt 2013 - 18:08
  • Skûtsjesilen

De SKS-skippers krije mear ynsjoch yn de berekkeningen fan it seiloerflak fan de skûtsjes. Doel is om de skûtsjes lykweardiger te meitsjen. De NHL hat de formule betocht en fiert de mjittings út, mar woe de formule geheimhâlde. De skipper fan it Boalserter skûtsje wol de sifers kontrolearje kinne omdat der flaters makke wurde. En dêr wiene it SKS-bestjoer en de ledegearkomste it sneon mei iens.

Oerlis mei de NHL hat fertuten dien. De sifers wurde transparanter. Ek de fraach nei de mooglikheid fan in second opinion waard honorearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)