Berchtrui foar Marcel Beima

01 jun 2007 - 20:56
  • Marcel Beima docht it goed yn Noarwegen (foto Martin de Jong)

Hurdfytser Marcel Beima út Hurdegaryp hat freed yn Noarwegen de berchtrui bemachtige. Beima die dat yn de tredde etappe fan de Ringerike Grand Prix fan Honefoss nei Kleivstua oer in ôfstân fan 129 km.

Yn de slotklim moast Beima in fjouwertal Skandinaviërs gean litte mei ûnder oaren gieletruidrager Hagen. Beima kaam as sande oer de streek en stiet ek op dat plak yn it algemien klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)