Berber (11)wol astronaut wurde

12 nov 2012 - 22:25

De 11-jierrige Berber Otter fan Drachten belibbe moandei in bysûndere dei. Se mocht astronaut André Kuipers moetsje. Dat kaam troch in wedstriid op skoalle dy't se mei har keunstwurk fan sâlt wûn hie. Yn de krante hie se doe sein dat se oait de romte yn wol.

Mei help fan de universiteit yn Grins waard foar har in moeting mei astronaut André Kuipers regele. Berber wit it no seker: se wol letter astronaut wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)