Beppe kreaket hûs

02 jun 2009 - 14:06
  • De 'kreakbeppe' bliuwt sitten oant it probleem oplost is...

In frou hat yn Warten in hûs kreake foar har beppesizzer. Se is yn in leechsteande wenning oan de Bleek sitten gien mei in grut spandoek, omdat se it net iens is mei de gong fan saken by wenningstifting Welkom yn Grou.

Neffens de frou krije oaren folle earder in hûs tawiisd as har beppesizzer. Dy wennet no mei har freon en soantsje by har mem yn. Dat soarget foar spanningen. Neffens de famylje moat der gau in oplossing komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)