Beorn Nijenhuis net nei Seoel

29 feb 2004 - 00:00

It is Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean sneon op de 1000 meter net slagge om him te kwalifisearjen foar de WK ôfstannen yn Seoel. Jan Bos wûn de 1000 meter foar Wennemars en Van Velde. Nijenhuis waard sechsde op dizze ôfstân.

Ek op de 500 meter wist er him snein net te pleatsen. Hy wie mar 0,04 sekonde stadiger as Jan Bos op dizze ôfstân en waard fjirttjinde. Hy foel dêrtroch krekt bûten de boat. Jeremy Wotherspoon wie earste op de 500 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)