Beoardieling berne-opfang

28 jun 2006 - 12:23

Yn 2005 is ien foarm fan berne-opfang yn Ljouwert troch de GGD min beoardield. De GGD fiert alle jierren in kwaliteitskontrôle út op de berne-opfang, yn opdracht fan de gemeente Ljouwert.

Allinnich de nije foarsjennings binne kontrolearre yn it ferline jier. Dat gie om twa gastâlderburo's. Ien is troch de GGD goedkard, en de oare hie in minne kwaliteit. Dat buro is oernaam troch Berne-opfang NW-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)