Benzinedief oppakt

19 feb 2009 - 09:52

De plysje hat tongersdeitemoarn betiid in 28-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean oanhâlden. De man soe brânstof stellen hawwe út auto's. Tsjûgen bellen 112 doe't se de man mei twa jerrycans rinnen seagen. De plysje seach dat fan in tal auto's de benzinetank iepenstie.

De fertochte koe eefkes letter oppakt wurde. Yn syn klean fûn de plysje 80 gram drugs. Om't er ek nochris mei drank op achter it stjoer sitten hie, moast er syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)