Benzine yn rioel Harns

25 nov 2008 - 10:08

In Harnzer (44) hat moandetejûn in proses-ferbaal krigen foar it fuortrinne litten fan benzine yn it rioel. Bewenners fan ûnder oare de Bosboom Toussaintstrjitte en de Easterstrjitte yn Harns fernamen in sterke lucht fan benzine yn har strjitte. De oproppen brânwacht mjitte in hege konsintraasje benzine.

De fertochte waard oanholden nei in buertûndersyk troch de plysje. It is noch net dúdlik hoefolle benzine krekt yn it rioel telâne kaam is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)