Bentex-keten mooglik ferkocht

15 mrt 2002 - 00:00

De kleanketen Bentex wurdt mooglik ferkocht oan de detail- en gruthannels- ûndernimmng Van Arkel yn Veenendaal. Memmebedriuw Macintosh yn Den Bosch wol al lang fan de Lemster kleanketen ôf.

Ferline wike joech de direksje by de presintaasje fan de jiersifers al oan dat de ûnderhannelings oer de ferkeap fan Bentex yn in fiergeand stadium wiene. De Bentex-keten telt 50 winkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)