Bentex-haadkantoar ferhuzet

29 apr 2005 - 08:53

It haadkantoar fan winkelketen Bentex ferhuzet yn juny fan De Lemmer nei Veenendaal. Fan de tweintich personielsleden kinne trije mei oer. De measte oaren krije wurk yn in Bentex-filiaal.

Fan De Lemmer út wurdt de tekstyl oer de filialen ferdield. Bentex sil de kommende tiid mear winkels iepenje yn it Noarden, ûnder oare yn Delfsyl. It bedriuw gie begjin dit jier noch fallyt, mar makke in trochstart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)