Bensinepomp Hurdegaryp ticht

27 okt 2000 - 17:53

It Shell-bensinestasjon yn Hurdegaryp slút yn novimber de doarren. Eigner Wynia seach syn omset hurd weromrinnen neidat der stopljochten kommen binne by de spoarwei-oergong.

De automobilisten kinne dêrtroch it bensinestasjon dreech berikke en de provinsje wol net in eigen ynrit foar de pomp oanlizze. Dat soe te gefaarlik wêze. Wynia hat it stasjon 30 jier hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)